december 7, 2019
fan ûnbekend*
Ryk en earm, se ha der altyd west,
mar seagen faak elkoar net sitten,
de rike hie gjin each foar noed,
de earme moast fan ’t wrotten switte.
Sjoch de rike mei syn gouden ring,
mar sjoch him dan net nei de eagen,
wurd net ferbline troch de gloed
fan pracht en priel, dy’t earmen pleaget.
Sjoch de earme yn syn skurve klean,
lit him net nêst de fuotbank sitte,
troch ’t wrotten docht er mear as goed,
men moat him yn syn wearde litte.
Riken sille op ’en doer fergean
as sljochte blomkes yn de finne,
sy reitsje earder al yn noed
troch ’t skroeien fan de gleone sinne.
* Ikoan ‘Jakobus’
december 6, 2019
fan Odilon Redon*
Berne waard sy tusken weagen
fan de see, in widze wyt fan skom,
sy swom al ier de brâning oer
mei gers en blom foar eagen.
Galateia, kreas fan holle
oan de fuotten ta, woe net werom,
lei yn it kleare ljocht foaroer,
sy skonk ien each tefolle.
Polyphemos waard fereale,
mei in knypeach wonk er: ‘Leave kom,
dan springe wy de heuvels oer
mei trije eagen, deale!’
Hoeder Akis, skerp fan eagen,
plôke foar de faam in reade blom
en joech dy mei in knypeach oer,
hy hat it derop weage.
Polyphemos, read fan grime,
sloech de hoeder mei in rotsblok krom,
foar Akis wie it noch net oer,
as beekgod hat er ’t rime.
* Odilon Redon (1840-1916)
Skilderij ‘De sykloop’