december 9, 2019
It is in wrâld fan wyt en swart,
gjin kleur fersiert de wol of hûd,
sa skreau de evolúsje foar,
dus bleau it sa oant hjoed de dei…
wa wit wat yn de takomst bart.
De witen ha har plak wol fûn,
’t sit yn de genen en it bloed
dat der gjin plak is foar de oar
dy’t swart is, dus mar gau hjirwei…
’t is wol de fraach: is swart-wyt sûn?
Wa wit wat yn de takomst bart,
faaks krije partsjes wyt in kleur
en skriuwt de evolúsje foar:
it puntsje fan de sturt wurdt read,
wat wol wat fan in stopljocht hat.
Diskriminaasje hat dan west:
de witen hâlde ho mei fleur
en oars stiet read foar in protest.
december 8, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
In himelwolk is goed foar rein,
ferkuollet nei in hjitte dei,
in ierdewolk knypt strôten ticht,
sa komt men oan in kweade ein.
Gjin gas as wapen yn de striid,
mar libben se dy ôfspraak nei?
Fritz Haber seach it as syn plicht
it út te finen, want de tiid…
… rûn troch, de fijân moast derút,
mei gauwens út ’e fuorgen wei,
mei gloar ferlear er alle sicht,
wat achterbleau, wie deade bút.
By Ieper waaiden wolken oan,
earst op ’e Frânsen ta, doe nei
de Kanadezen, gjin gewicht
hie ’t gas… hoefolle binne stoarn?
Swier wie it tellen, om ’e nocht,
want fuorgesifers rûnen troch
elkoar en dogge dat no noch…
wa’t achterbleau, hat noch lang socht.
* Foto ‘Gifgasoanfal’
** Foto ‘Gifgasoanfal op ’e Kanadezen’