Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Snieman Joast

Keunst

fan Dirk Jan van der Laan*
fan Johan Barthold Jongkind**



Dy nacht hie snie de wrâld feroare
nei trije nachten strange froast,
dy’t stillein hie it iepen wiet,
in flier dêr’t men oerhinne glied…
wat brocht de neiste perioade?

Op strjitte wiisden al de spoaren
nei wrâlden fan ‘miskien wit Joast
krekt wat men dêr belibje kin’,
want hy wie wiis mei iis en bern,
in beaken yn sa’n perioade.

Hy rôle mei har dikke bollen,
it waarden sniebern, like grut
as dy’t er om him hinne hie,
mei wa’t er út te riden gie,
it wiene letter withoefolle.

Hy waard de snieman mei in holle
sêft foar bern, foar oaren hurd
as iis nei trije nachten froast,
syn folgers wiene wiis mei Joast,
sa hat de snieman ’t hawwe wollen.

* Dirk Jan van der Laan (1759-1829)
Skilderij ‘Stedsgesicht yn de winter’

** Johan Barthold Jongkind (1819-1891)
Skilderij ‘Wintergesicht’

 

admin

Brief fan Jacobus 2

Bibelbylden

fan Rembrandt*

Wol net allinnich harkje,
ek al is it nei Gods Wurd,
hoewol’t dat yn beweging bringt;
it giet foaral om goed te dwaan,
de earme syn gerak te jaan.

It is as mei in spegel,
dêr’t men it gesicht yn sjocht,
dat al gau fergetten is;
wa’t dus ferjit om goed te dwaan,
sil om Gods spegel ek net jaan.

Nim Abraham syn leauwe,
dat him yn beweging brocht
om mei syn soan op wei te gean;
it is mei sizzen net te dwaan,
it leauwe seit om ’t hert te jaan.

’t Wie krektsa mei hoer Rachab,
want de die striek mei har wurd
doe’t sy de boaden yn har hûs
opnaam om feilichheid te jaan,
wat út it hert komt, stjoert it dwaan.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘It offer fan Abraham’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum