Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Eigen baas

Lyrysk Deiboek

Hy lit him net op sleeptou nimme
troch wat âld is of modern,
syn trije tsjillen ha him brocht
op ’t plak om feilich oan te lizzen,
dêr’t er niis om socht.

Gjin  trochfeart hoecht er frij te hâlden,
elkenien kin by him lâns,
hy makket him al lang net breed,
mar hjoed hat hy it foar it sizzen,
hâldt twa angels beet.

Hy lit gjin foarn of snoekbears swimme,
hâldt de trochfeart oeren ticht,
ûntkomt as baas oan elk ferbod,
kin sels de swierste lêsten risse,
fange is’t  gebod.

admin

Dûbele lading

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Wat koe de Lusitania net dwaan
op ’t romme oarlochswetter?
It wie in skip fol passazjiers…
de Dútser wist wol better.

De Brit koe mei it skip syn slach wol slaan:
it rom siet fol munysje,
dêrboppe libben passazjiers,
yn fredestiid tradysje.

De oarlochsjierren sloegen dûbelop,
de rom wie foar de naasje
dy’t torpedearre ’t heale skip,
gjin passazjier kriich graasje.

De Dútser libbe mar koart yn de waan
fan rom en rommer eachweid,
de see waard foar de USA…
de sege nei it weachfeit.

* Foto ‘Lusitania’
** Foto ‘De ûndergong fan de Lusitania’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum