december 19, 2019
fan Marc Chagall*
It is te gek foar wurden,
dêrom komt it waarm yn byld
mei bisten yn de reade sinne
en it brulloftspear dat leafde fielt,
sjoch hûn en hoanne oer de dakken rinnen.
It is wol mâl dat fearren
fan de pau de geast jûn ha
oan ’t kobist en him stappe litte
oer de dakken, want dat bylket sa,
dêr kinne hûn en hoanne net mei sitte.
De kolder is yn koppen
slein troch strielen read as fjoer,
de kowesturt slacht troch nei ’t pearke:
‘Nim de mjitslach fan it dûnsjen oer,
dan rint it troch, net ho, dus noch in kearke.’
It is te gek foar wurden
dat de ko fertrape hat
de doarpsgek mei syn mâle mûtse,
net mei sin, it is al dûnsjend bard,
de parasol kin ’t bloed mar min útpoetse.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘De ko mei de parasol’
december 18, 2019
fan Vincent van Gogh*
Wiere wiisheid leit net ûnder,
djip ferburgen yn de siel,
dêrút komt it kwea nei boppen:
grime, oergeunst en wat mear,
wa’t wiis is, kin dêr sûnder.
Wiisheid komt altyd fan boppen,
dêroan hat de minske diel
as er libbet mei in iepen
siel, barmhertich en oprjocht,
hy heart de swakken roppen.
Wiisheid hat mei sie te krijen
dat yn frede siedde wurdt,
ûnder leit it earst te sliepen,
op ’en doer komt op de frucht:
gerjochtichheid foar frijen.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘De siedder’