december 23, 2019
As de nacht op strjitte falt,
dan hearsket dêr de leechte
nei’t it folk foar ezel spile
hat, beladen mei ’t gefoel
fan wat op ’t feest befalle sil.
Rûnom strielet noch it ljocht,
dat hearsket oer de leechte
om de keapsnein nei te fielen,
want de klok-rûn hat as doel
dat elkenien ’t belibje sil.
Joazef oan de linkerkant,
klaaid nei de lêste moade,
hat gjin nocht om mei te dielen
dat it bern net berne is,
wat har grif min befalle sil.
Rjochts stiet wol Marije klear,
ek nei de lêste moade
klaaid, sy hat har rol al spile
foar de ezels dy’t wer ris
it feest belibje sa’t it sil.
december 22, 2019
fan Kazimir Malevitsj*
fan Kazimir Malevitsj**
In keunstner ûnder boeren;
sa kreëarre Malevitsj:
in rjochte greppel tusken biten
waard in streek op ’t wite doek,
it gie fan grut nei lyts.
Soldaten tusken boeren,
op ’e flecht foar it geweld,
de djippe greppels om te iten,
skûlplak nei in rappe dûk…
wa hat de deaden teld?
In keunstner kin net stjoere
ek mar ien soldaat nei ’t front,
belibbet wol in swarte rite,
giet foarby oan krie en roek
en greppels fol mei stront.
Soldaten, mar ek hoeren
binne fjouwerkant dertsjin
dat swart wurdt oansjoen foar it wite
doek, in greppel is net smûk,
men praat geweld net skjin.
* Kazimir Malevitsj (1879-1935)
Skilderij ‘Selsportret’
Skilderij ‘Swart fjouwerkant’ (1915)