Willem Tjerkstra’s thússide
admin

As it daget

Lyrysk Deiboek

Wa bin ik, al jierren sykjend
nei ’t mystearje fan it bern
dat alle kearen berne wurdt,
al wer is ’t yn desimber.

Dêr rin ik om te ferlykjen
tusken hjoed en ’t jier derfoar,
it berntsje is noch like grut
op ’t feest fan ein desimber.

Wat kin my dan noch ferrykje
op ’e jierdei fan it bern?
Ik sykje tekens nêst it wurd
en fyn dy yn desimber.

Mear as tûzen swarte ingels
hâlde koers oan op ’e stêd,
se lykje swart fan kop oant sturt,
mar binne wyt as ’t daget.

Yn de stêd sjoch ik foar ’t finster
yn de earmen fan de mem
it bern, noch altyd like grut,
ik bin der as it daget.

admin

No sa

Lyrysk Deiboek

Nee, hy is gjin hoedersjonge
dy’t syn stêf delsetten hat,
omdat de skiep har deljûn ha;
hy wie wol wurch fan ’t rinnen,
joech him ek del, no sa…

Nee, hy hearde net it sjongen
fan de ingels boppe ’t fjild,
dy’t jubelen yn gloaria;
wurch fan de felle sinne,
joech hy him del, no sa…

Nee, hy kaam net yn de timpel
yn de earms fan Simeon
of Anna, al âld dy twa;
hy wie altyd allinne,
dêr kaam ’t op del, no sa…

Ja, hy kin by ljocht wol sliepe,
dreamt dan fan in ljochte nacht
troch ingels yn de gloaria
en hoeders dy’t fluch rinne
nei it bern yn tel, no sa…

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum