december 16, 2019
Wa docht my wat
hoe’t ik hjir stean
en hâldt it stiel beset
salang’t it my sa past,
myn wil is wet.
Men kin my wat
wylst ik hjir stean,
gjinien foar my yn ’t plak;
salang’t it stiel net barst,
bliuw ik yn ’t pak.
Myn pak is swart,
stekt ôf tsjin wyt,
in keninklik ferskil,
ik fiel my fûgelfoarst,
sterk is myn wil.
As stiel sa sterk,
dêr’t ik op skyt
en flean dan frij-út op,
omdat it fan my moast,
sa woe myn kop.
december 15, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Dokter, dûmny, kolonel
waard roppen as de grutte Tsjoender
fan de fanatike Ku Klux Klan;
de ridders fan it fjoer en bloed
beskôgen ’t krús as wûnder.
Tsjoenders himel wie de hel
foar oaren: Joaden, katoliken,
yn syn eagen wiene dy ferlern;
de ridders fan it fjoer en bloed
beskôgen har as liken.
Simmons klom mei man en macht
de Stienberch op om op te rjochtsjen
’t krús en tagelyk de Ku Klux Klan;
de Tsjoender fan it fjoer en bloed
woe sa de wrâld ferljochtsje.
No noch waret troch de nacht
de ynfloed fan de grutte Tsjoender
op ’e falske presidinteclan;
de heechste ridder bringt yn noed,
slacht ligend op foar wûnder.
* Foto ‘William Joseph Simmons’
** Foto ‘Ku Klux Klan yn Atlanta’