Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Medousa

Mytebylden

fan Caravaggio*
fan Benvenuto Cellini**



Sjedêr de goaden fan de see,
wa kinne út har berne wurde?
Trije dochters, gjin gewoane
bern, se hawwe neat fan frou of fee,
it binne de Gorgoanen.

As slangen krollet har it hier,
se gripe mei de brûnzen hannen,
fleane fluch op gouden wjukken,
sjogge skerp, gjinien is mear yn ’t spier,
se litte oaren krukke.

Medousa hie gjin lang bestean,
har beide susters libje ivich,
dat dy iene, yn ferwachting
troch Poseidon, soe de dea yngean,
fermoarde sûnder achting.

Fermoarde waard sy troch Perseus,
dy sloech har ôf de slangeholle,
út ’e wûne waarden berne
’t wjukkehynder en in rûge reus,
de mem koe har net kenne.

* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘Kop fan Medousa’

** Benvenuto Cellini (1500-1571)
Byld ‘Perseus mei de holle fan Medousa’

 

admin

Losgean

Keunst

fan Adriaan Pieterszoon van de Venne*
fan Henri Evenepoel**

Noch lang net is ien út ’e liken,
want der binne folle mear
dy’t losgean op it folle plein,
se binne mei elkoar net klear,
gjinien hoecht dêr te wiken.

Der is op elkenien wol dronken,
mear as ien glied troch de kiel
foar ’t losgien waard, der komt gjin ein
oan, elk wol ha it grutste diel,
de hûn it leafst seis bonken.

Yn ’t swart, mar hy hâldt net fan liken,
want hy hâldt it hjoed by ien
dy’t libbet as syn klopjend hert,
dus is er nei Parys ta gien,
hy kin it dwaan as rike.

De lûden om him hinne rûzje,
mar hy fielt him net as diel
fan ’t sljochte libben mei in pet,
in rynsk diner klinkt oars as miel…
hy sil nei Moulin Rouge.

* Adriaan Pieterszoon van de Venne (1589-1662)
Skilderij ‘Gekken fiere it bêst feest’

** Henri Evenepoel (1872-1899)
Skilderij ‘De Spanjaard yn Parys’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum