Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skip sûnder krús

Keunst

fan Caspar David Friedrich*



Lit it skip mar fierder farre,
’t aventoer bart fier fan hûs,
al silend oer de kleare kym,
dy’t opskoot… wa wit wêr oan ta,
de moanne wiist de krekte koers.

Lit it anker hjir mar bliuwe,
’t is net nedich foar dit skip,
dat silend trochgiet as in skym,
gjin minske wit noch wêr oan ta,
foar ’t anker is de see te djip.

Kin it krús de reis ferklearje
no’t it net mear beaken is
fanwege ’t farren sûnder kym?
’t Moat fierder, op ’e kosmos ta,
de koers is foar de moanne wis.

* Caspar David Friedrich (1774-1840)
Skilderij ‘It krús by de Eastsee’

admin

As it daget

Lyrysk Deiboek

Wa bin ik, al jierren sykjend
nei ’t mystearje fan it bern
dat alle kearen berne wurdt,
al wer is ’t yn desimber.

Dêr rin ik om te ferlykjen
tusken hjoed en ’t jier derfoar,
it berntsje is noch like grut
op ’t feest fan ein desimber.

Wat kin my dan noch ferrykje
op ’e jierdei fan it bern?
Ik sykje tekens nêst it wurd
en fyn dy yn desimber.

Mear as tûzen swarte ingels
hâlde koers oan op ’e stêd,
se lykje swart fan kop oant sturt,
mar binne wyt as ’t daget.

Yn de stêd sjoch ik foar ’t finster
yn de earmen fan de mem
it bern, noch altyd like grut,
ik bin der as it daget.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum