Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brief fan Petrus 4

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Froulju, sier jim net fan bûten
mei djoer goud en moaie klean,
lit jim inerlik mar strielje,
de frou moat sa troch ’t libben gean.

Manlju, sjoch hoe’t froulju
swijend troch it libben gean,
sa it goede foarbyld jouwe,
dat byld biedt jim in bêst bestean.

Froulju, sjoch nei Sara,
dy’t foar jim it foarbyld is,
Abraham seach sy as master,
dat byld wie helder, neat mei mis.

Petrus, do moatst witte
dat de frou lykweardich is
oan de man… emansipaasje!
De tiid feroare wat wie wis.

* Yllustraasje ‘Abraham en Sara’

 

admin

Tiberius en Gaius

Mytebylden

fan Eugène Guillaume*

Wat kinne lytse boeren
mei har skeamel hoekje grûn
begjinne tsjin de hege hearen
mei it steile wurd yn de senaat?
Oan ien hân is de boer al bûn,
hy kin net op tsjin stedswiis praat.

Twa broers beskôgen dat as
ûnrjocht; earst Tiberius,
doe Gaius woe de hearen keare
om de bûne boeren rjocht te dwaan:
in earlike ferdieling, dus
sy woene har mear opbringst jaan.

’t Wie tsjin de wil fan hearen
dy’t fertrouden op har wurd
en dêrmei wûnen landerijen
oer de boer syn rêch, fan ’t wurkjen krom;
sy brûkten ek geweld mei ’t swurd,
sa kaam Tiberius earst om.

Broer Gaius liet him deadzje
troch in slaaf, hy koe it folk
net út ’e rike macht befrije;
withoefolle liken dreauwen yn
de Tiber, draaiden yn in kolk,
it rjocht ferfleach sa op ’e wyn.

* Eugène Guillaume
Byld ‘Tiberius en Gaius’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum