december 28, 2019
fan ûnbekend*
Grutsprekkers dy’t jim binne
troch te roppen: ‘Wy gean moarn
op reis en bliuwe dêr in jier
wêr’t wy it meast fertsjinje kinne!’
Jim binne as in ile damp
dy’t fluch ferfljocht, ’t is stjerrend wier.
Jim riken dy’t it winne
fan de earmen, dy’t neat ha
as hannen foar in bytsje lean;
jim sille jim noch raar fersinne:
it kapitaal wurdt ta in ramp,
de motten frette troch jim klean.
* Ikoan ‘Jakobus’
december 27, 2019
fan Filippo Tagliolini*
Ouranos’ bloed wie harren mem,
dêr’t sy út berne waarden,
meunsters foar gjin goaden bang,
noch minder foar gefaren,
har slangeskonk hie net in rem.
Gigantysk wiene harren lea
om bergen te fersetten,
rotsen fuort te slingerjen,
ferlizzend Zeus syn swetten,
sy hearsken oer it Grykske gea.
Mar Zeus hie ’t net op harren stean:
Giganten tsjin de goaden
gie tsjin alle regels yn,
gjin sprake fan akkoarden,
it moast op striid om macht oangean.
It waard in striid om it bestean
fan goaden of Giganten,
sa’n gefjocht hie der nea west;
Zeus wist op ’t lêst fan wanten,
hat meunsters gjin akkoarden bean.
De slangekoppen fan Typhon
begroef Zeus yn mem Ierde.
* Filippo Tagliolini (1745-1809)
Byld ‘De fal fan de Giganten’