december 29, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
In fuorge dêrst yn rinne kinst
om kûgels te ûntwiken,
fynst net yn see of oseaan;
’t giet yn de oarloch om de winst,
dan maalt men net om tûzen liken.
Matroazen dûke feilich mei
in ûnderseeër ûnder,
ûnsichtber om fûl ta te slaan;
it libben stiet dêrboppe faai,
yn ’t kriichsferrin net sa bysûnder.
Eleucher treft it minder goed
en hinget oer de side,
matroazen moatte ’t libben jaan,
al jouwe se it sûnder bloed-
ferjitten, kriich betsjut ek skiede.
* Foto ‘Dútske ûnderseeër’
** Foto ‘Dútske kruser Eleucher’
december 28, 2019
fan ûnbekend*
Grutsprekkers dy’t jim binne
troch te roppen: ‘Wy gean moarn
op reis en bliuwe dêr in jier
wêr’t wy it meast fertsjinje kinne!’
Jim binne as in ile damp
dy’t fluch ferfljocht, ’t is stjerrend wier.
Jim riken dy’t it winne
fan de earmen, dy’t neat ha
as hannen foar in bytsje lean;
jim sille jim noch raar fersinne:
it kapitaal wurdt ta in ramp,
de motten frette troch jim klean.
* Ikoan ‘Jakobus’