Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kandoules en Gyges

Mytebylden

fan William Etty*

Elk makket fan in barren syn ferhaal
op grûn fan it gefoel,
dat nei it feit de haadrol spilet,
’t giet mei oare spilers oan de haal.

Kandaules wie fan Lydië de foarst,
hie oer syn frou ’t gefoel
dat sy de moaiste wie op ierde,
dêrom siet hy op ’e troan mei ’t boarst…

… foarút en tocht er oer in wis bewiis:
hy stjoerde Gyges út
op ûndersyk, hy moast har neaken
sjen, wat wie de keningin in griis.

Sy sette Gyges foar in drege kar:
‘It wurdt dyn eigen dea
of do fermoardest hjoed Kandaules,
troust mei my en bist as foarst oan bar.’

It rûn op trouwen en op kening út,
want wa kiest foar de dea?
Der wie gjin kar foar foarst Kandaules:
Gyges naam in keninklik beslút.

Lit Herodotos mar mei syn ferhaal
it feit fertelle fan
de wrede dea fan foarst Kandaules,
oaren dogge dat op eigen skaal.

* William Etty (1787-1849)
Skilderij ‘Gyges sjocht de keningin’

admin

Dûbel byld

Keunst

fan Lovis Corinth*

Wat is der moaier as
om ljocht te heinen
wylst de kapper, bern oan hûs,
beheint it weagjend hier
ta wat har komt fan pas.

Sy hat it yn de hân
om moai te wêzen
yn en bûten harren hûs,
it makket him ek blier,
sa bliuwt de bân yn stân.

Hy leit it foar har fêst
op doek, ’t folsleine
byld, want ferve by de rûs,
gjin ûnderdiel wurdt skier,
’t gehiel is op syn bêst.

Sy ynspirearret ta
in moaier wêzen
fan harsels en ek syn byld,
gjin wêzen is gelyk,
dat is no ienkear sa.

Wat is der moaier as
’t ferskil te heinen
tusken kapper en syn byld?
Dat makket dûbel ryk:
syn frou komt him fan pas.

* Lovis Corinth (1858-1925)
Skilderij ‘Charlotte Corinth
oan har kaptafel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum