januari 11, 2020
fan Petrus*
In hurde stien om mei te bouwen
muorren foar in hillich hûs,
dat oant yn ivichheid bestiet,
dêr kin men op fertrouwe.
In hoekstien foar in ivich libben
is de Hear, in feilich thús,
dy stien ûntstie troch wurd en died,
Hy hat nei ’t heechste stribbe.
Lit jim dan ek as stiennen foegje
yn de timpel, ’t hillich hûs,
dat oant yn ivichheid bestiet,
as ’t prysterfolk jim bûgje.
God hat jim as syn folk oannommen
foar it bringen fan syn Wurd
en boppedat Gods died nei died
om goed teplak te kommen.
* Fragmint út ’e earste brief fan Petrus
(1 Petrus 2, 7-17)
januari 10, 2020
fan Caravaggio*
fan Benvenuto Cellini**
Sjedêr de goaden fan de see,
wa kinne út har berne wurde?
Trije dochters, gjin gewoane
bern, se hawwe neat fan frou of fee,
it binne de Gorgoanen.
As slangen krollet har it hier,
se gripe mei de brûnzen hannen,
fleane fluch op gouden wjukken,
sjogge skerp, gjinien is mear yn ’t spier,
se litte oaren krukke.
Medousa hie gjin lang bestean,
har beide susters libje ivich,
dat dy iene, yn ferwachting
troch Poseidon, soe de dea yngean,
fermoarde sûnder achting.
Fermoarde waard sy troch Perseus,
dy sloech har ôf de slangeholle,
út ’e wûne waarden berne
’t wjukkehynder en in rûge reus,
de mem koe har net kenne.
* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘Kop fan Medousa’
** Benvenuto Cellini (1500-1571)
Byld ‘Perseus mei de holle fan Medousa’