Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tiberius en Gaius

Mytebylden

fan Eugène Guillaume*

Wat kinne lytse boeren
mei har skeamel hoekje grûn
begjinne tsjin de hege hearen
mei it steile wurd yn de senaat?
Oan ien hân is de boer al bûn,
hy kin net op tsjin stedswiis praat.

Twa broers beskôgen dat as
ûnrjocht; earst Tiberius,
doe Gaius woe de hearen keare
om de bûne boeren rjocht te dwaan:
in earlike ferdieling, dus
sy woene har mear opbringst jaan.

’t Wie tsjin de wil fan hearen
dy’t fertrouden op har wurd
en dêrmei wûnen landerijen
oer de boer syn rêch, fan ’t wurkjen krom;
sy brûkten ek geweld mei ’t swurd,
sa kaam Tiberius earst om.

Broer Gaius liet him deadzje
troch in slaaf, hy koe it folk
net út ’e rike macht befrije;
withoefolle liken dreauwen yn
de Tiber, draaiden yn in kolk,
it rjocht ferfleach sa op ’e wyn.

* Eugène Guillaume
Byld ‘Tiberius en Gaius’

admin

Iiskâlde gefoelens

Keunst

fan ûnbekend*
fan Johan Braakensiek**

Dit is gjin keunst om ’t hert te gripen
sá dat troch de lea in rille rint,
mar wol in keunst om sa te skôgjen
dat in minske him besint.

It iisfolk sil him wol fermeitsje,
wylst de trein stoomt troch mei kenings lyk,
’t is oars as mei in deade tôgje,
minsken binne net gelyk.

De riken laitsje ûnder ’t riden,
linich is de slach, by guon noch bryk,
dan mar in sûpke mei wat wazem,
minsken binne net gelyk.

De earmen sizze it mei triennen:
harren kachel wol net mear omlyk,
de poppe kriget amper azem…
lytsen wurde ek wol lyk.

It is in keunst om ’t hert te gripen
sûnder wurden, inkeld troch it byld,
de rille rint, de azem stûket,
om’t men iiskâld ’t kromme fielt.

* Yllustraasje ‘De begraffenis fan kening Willem III
op 4 desimber 1890 per trein’
Ut ‘L ’illustration’

** Johan Braakensiek
Yllustraasje ‘Iisfertriet en iisfermaak’
Yllustraasje yn ‘De Amsterdammer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum