januari 27, 2020
Fan fierren klonken klappen,
’t moast wol komme fan beton,
men koe it plak wol witte,
nei de opbou kaam de brek
fan dat ferneamd stasjon.
It wie fan trije bruorren
mei de oalje yn it bloed,
sy koene ’t peil wol mjitte,
hiene nea in oaljelek,
dat har bedriuw rûn goed.
Fan ’t âlde kaam it nije;
wat klonk fier fan dat stasjon,
wie ’t âlde liet, de namme,
doe kaam mei de dea in brek,
wat hurd wie… as beton.
januari 26, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Lawrence, kolonel fan ’t Britske ryk,
jim strieden tsjin de Ottomanen
yn de earste kriich oer hiel de wrâld,
jim woene, harren macht soe tane.
Lawrence, jimme ha it doel berikt
mei stipe fan de Arabieren,
dy’t yn opstân kamen tsjin it ryk
dat iuwen hearske as oer dieren.
Lawrence, jim ûnthjit wie eigen baas
foar Arabieren, foar de helte
waard it Midden-Easten harren ryk,
want inkeld jim belangen telden.
Lawrence fan Arabië, sa waard
yn letter tiid dyn achternamme,
mar it ûnrjocht hearske yn dyn wrâld,
it Britske ryk hat him nea skamme.
* Foto ‘Thomas Edward Lawrence’
** Foto ‘Arabyske krigers’