januari 30, 2020
fan Jan van Goyen*
It sân begûn te stowen,
de brâning rôle fierder as
by ’t rizen fan de sinne,
blêden kundigen it oan,
lykas it koeren fan de dowen.
Hy koe der krekt noch komme,
it sket kaam him wol goed fan pas
by syn ferinnewearre
skuorke, ’t foel net út ’e toan
by ’t flitsen en it fiere brommen.
Fan ûnderen nei boppen,
syn wâljend inerlik kaam los;
by ’t oangean fan de tonger
seach er himelsk klear de troan
fan God, dy’t harke nei syn roppen:
‘Wol net ferinnewearje
de boer, hy sit hjir… krap by kas.’
* Jan van Goyen (1596-1656)
Skilderij ‘Tonger’
januari 29, 2020
fan ûnbekend*
Sjedêr, de wrâld is fol ferdjer,
wat komt troch ’t stribjen nei gewin;
as wie men sels de heechste stjer
dy’t skynt: ‘Sjoch wat ik kin!’
Wy binne roppen troch de Hear
om diel te hawwen oan syn macht,
dus krêftich stribje wy nei mear
fertrouwen, wat dan slacht…
… op: fan it leauwe nei de leafde!
Sjedêr, hoe’t iepengiet de doar
foar jim nei ’t ivich keninkryk,
dêr soarge Jezus Kristus foar…
wa is oan Him gelyk?
* Yllustraasje ‘Himelfeart’