februari 1, 2020
fan ûnbekend*
Hoe soe ik fabeltsjes fertelle
nei it sjen fan Kristus’ hearlikheid?
Fan God hat Hy de ear ûntfongen:
‘Dit is myn Soan, dêr’t ik sa wiis mei bin!’
In himelsk boadskip om it út te sjongen.
Dy wierheid sil ik trochfertelle
oant de tinte fan myn lichem leit
om hjir net wer oerein te kommen;
it is sawat safier, myn trie is tin,
nei ’t brekken sil it boadskip net ferstomje.
De wierheid sprieken ek profeten,
jou dus acht op wat har wurd jim seit,
it is in lampe yn it tsjuster
oant de dage ’t yn de moarntiid wint,
as harkers reitsje jim it paad net bjuster.
* Foto ‘Oaljelampe’
januari 31, 2020
fan ûnbekend*
Wurdt de namme Hades neamd,
dan glydt in rille oer de rêch
en sjocht men him al kommen
nei de Styx, dy’t stadich streamt,
it wolkom klinkt yn ’t deaderyk.
Mei twa broers hie hy de macht
oer ierde, see, it hiele al;
Poseidon, Zeus en Hades
joegen op it minskdom acht
en dêrom woe it wol omlyk.
Mar wa’t stoar, koe net werom,
in rille glied him oer de rêch,
hy moast nei Hades komme;
fearman Charon hold him stom,
de Styx oer wie der gjin ûntwyk.
Hades’ wolkom klonk iiskâld:
‘Omdat ik rjocht en feardich bin,
lit ik gjinien ûntkomme,
altyd ha ’k itselde sin,
foar elkenien is ’t lot gelyk.’
Byld ‘Hades’