februari 27, 2020
fan Paul Gauguin*
’t Gie inkeld om de baarch,
dy’t bûten wêze mocht
om syn gerak te krijen
fan wat er wrottend socht,
hy mocht de romte lije.
Twa stekken foar de wacht,
net fierder mocht er gean
om fan in oar te fretten,
dus bleau er dêrfoar stean,
de frou hie sa besletten.
Se breide op in stien,
seach nei it lizzend stek
om sa derút te rinnen,
wa wie no einliks gek,
de baarch of boerinne?
Wist hy fan stek en slacht,
wat him te wachtsjen stie?
Hy hold it by syn fretten;
de frou joech him gjin rie,
se hie har eigen wetten.
* Paul Gauguin (1848-1903)
Skilderij ‘It houten stek’
februari 26, 2020
fan ûnbekend*
Twa geasten kin men ûnderskiede,
de Geast fan God sprekt jimme oan
mei Kristus as Gods Soan,
de wrâldgeast hat ús neat te sizzen,
sit heech op ’e ierdske troan.
De Geast fan God sil jimme liede
nei Kristus, man fan fleis en bloed,
dy’t jout de minske moed
om him foar ’t libben ta te rissen
tsjin it kwea, de ierdske floed.
De wrâld sil jim profeten biede
dy’t profetearje tsjin de Hear
en prate kear op kear
oer wrâldske wierheid, ’t kin net misse,
’t giet har om de eigen ear.
* Glês-yn-lead yn de Voltivekirche yn Wenen