Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op swannewize

Lyrysk Deiboek


De dize lûkt op út it wiet
as ’t moarnsljocht troch de tûken gluorket
om foar winner troch te gean,
de winter sjongt it simmerliet.

De sinne strielet waarmte út,
tefolle foar de iere maitiid
om mei faasje troch te gean,
want maart nimt grif in oar beslút.

Dan lûkt de dize oer it fjild,
sadat it grien yn wyt feroaret,
’t wiet lûkt oan de winterklean,
gjin wolk dy’t mei lij wetter spielt.

Mar dan… it spuitet út it wiet,
de swarte swan hat fruchtber buorke:
piken yn de maitiidsklean,
wat wiist op hoe ’t it altyd giet.

admin

Ien pear eagen oan de hân

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Noch gjin hûn stjoert men de oarloch yn,
lit stean de jongste fan soldaten
dy’t fjochtsje moatte foar de macht
yn wat men neamt it heitelân,
dy wrede heit hat maklik praten.

Jong of net, djip gie ’t de boaiem yn,
de groppe om harsels te sparjen
foar kûgels, fleanend dei en nacht,
fier fan de macht yn ’t heitelân…
wêr soe de jongste ea bedarje?

Ut ’e groppe wei, de flakte op,
dêr’t kûgels om de earen fleagen,
gjinien sloech op de oare acht,
de jongste trof it, út ’e brân,
mar seach gjin hân mear foar de eagen.

Mei in hûn gie hy it libben yn,
dy’t him braaf oer de boaiem fierde:
twa-ienheid kriich it yn de macht
mei ien pear eagen oan de hân,
dy’t sparre wie foar oare tiden.

* Foto ‘Soldaat mei bline hûn’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum