februari 15, 2020
fan ûnbekend*
Jim ha de salving krigen
fan de Geast en binne sa ferbûn
mei Kristus, dus ek mei de Heit,
bewarje dizze bân
en harkje net nei lju dy’t lige.
Der binne minsken kommen
dy’t as anty-Kristus kundskip jûn
ha dat net slacht op God de Heit,
sy hâlde grif gjin stân
en wurde út ’e mienskip romme.
Jim ha fan wierheid witten
fan ’t begjin ôf, sa it libben wûn
troch Kristus, Soan fan God de Heit;
jim ha de salving hân
en kinne ligers sjitte litte.
* Yllustraasje ‘Anty-Kristus’
februari 14, 2020
fan ûnbekend*
As strider koe syn rom net stikken,
nei frijheid rikkend gie er op ’e flecht
fan ’t iene lân nei ’t oare,
mar doe’t Rome drige mei de dea,
liet eigen gif him stikke.
Kartago droech him earst op hannen,
want foar syn stêd soe hy nei Rome ta;
men seach, mei oaljefanten
oer de Alpen, sa’n beklimming nea,
it soe der dus om spanne.
Twa kear fersloech er de Romeinen,
kaam foar de poarte fan de stêd fan stân,
mar mei syn kommandanten,
sûnder oaljefanten, kearde hy
werom, net as fersleine.
Ferslein waard Hannibal by Sama,
tichtby Kartago, ’t foarlân wie de flecht
fan ’t iene lân nei ’t oare,
syn gefoel liet witte: nea wer frij!
De gifdea wie in drama.
* Byld ‘Hannibal’