april 6, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Lit Ieper ’t Melbourne mar fertelle
wat úteinlik oerbleau fan de stêd:
skeletten tsjin de grauwe loft,
dêr’t wêzens net mear libje koene
en de dea syn bút weihelle.
De fjouwer fûle konfrontaasjes
sloegen fuort de lea, ferskroeiden ’t blêd
en krongen troch yn long en bloed,
dêr’t wêzens net troch libje koene,
mar lang libje wol de naasjes!
Sykhelje, John Soldaat, ferromme,
yn de fuorge fynst in planken bêd,
dyn antlit is noch swart fan ’t roet,
sa’t wêzens it net hawwe woene,
mar goddank bist net omkommen.
Lit Ieper ’t Melbourne mar fertelle,
want dêr komsto wei, dyn bertestêd,
mei boppe see in blauwe loft,
dêr’t minsken altyd al ha woene:
John is troch de dea net helle.
* Foto ‘Ieper yn de Earste Wrâldoarloch’
** Foto ‘Australyske soldaten
by in medyske post by Ieper’
april 5, 2020
It wie de snein fan skoander waar
mei yn de moarntiid al de sinne
dy’t gjin wolk as ûnderbrekker hie…
wa soe dan noch it sneinsfolk keare?
Mar dochs drige der gefaar.
It wie de snein fan bliuw mar thús,
want yn de tún skynt rynsk de sinne,
dy’t ek boppe de balkonnen stiet;
sa net, dan moatst dêrnei mar leare
de betsjutting fan ’t ynfús.
It waard de snein fan bliuw yn lyk-
wicht sûnder oer de dyk te rinnen,
op ’e planke stiest en glydst oer ’t wiet
op ôfstân, hoechst gjinien te kearen,
fan de plysje krijst gelyk.