april 10, 2020
fan Ferdinand Keller*
Leandros wenne oan de Hellespont,
in wetter inkeld oer te kommen
foar wa’t de slach te pakken hie,
hy is de stream oer swommen.
Hy die ’t foar Hero oan de oare kant,
in prysteres, ta faam ferplichte;
Leandros, dy’t fereale wie,
seach Hero yn de hichte.
Sy stiek foar ’t finster yn de toer in ljocht
oan om oan him it paad te wizen;
it koe allinnich yn de nacht,
deis soed er it ferlieze.
It ljocht ferlear it yn in swiere stoarm,
Leandros koe de slach net pakke;
wylst Hero stie dy nacht op wacht,
is hy derûnder sakke.
Sy wie noch prysteres, mar net mear faam,
troch wanhoop is sy ek omkommen.
* Ferdinand Keller (1842-1922)
Skilderij ‘Hero fynt Leandros’
april 9, 2020
fan Eugène Jansson*
De skyl derôf, it hout leit bleat,
de stam bûcht fier nei rjochts,
de tûken stekke alle kanten út…
in beam yn deade steat?
Gjin stivens heart by in gymnast,
dy swaait as toerswel troch
de loft en hellet bûgde keunsten út
yn spierlik bleate bast.
De pyl swaait yn de slinger mei,
dêr heart gjin stivens by,
syn drift giet inkeld nei de ringen út,
hy fynt dêryn syn draai.
* Eugène Jansson (1862-1915)
Skilderij ‘Gymnast oan de ringen’