april 12, 2020
Op goede freed hie ’t minne west:
de hammer dy’t de spiker sloech
troch hân en foet yn ’t hout,
it wie ’t gefoel, net te begripen
hoe’t de geast it droech.
Op stille sneon sloech ta de rêst,
it hurde klopjen yn de kiel,
hoe’t men dan djipgeand rout,
gjin hân of foet om fêst te gripen,
slein is dan de siel.
De snein bleau as de sneon sa stil,
behalve ’t koeren fan de do,
dy’t wachte op it hout,
sa no en dan nei ’t slachfjild kipe…
wannear komt it no?
april 11, 2020
fan ûnbekend*
Lit de sechde kandler wêze
foar it folk fan Filadelfia
en de sechde stjer syn ingel,
sy moatte dyn brief lêze:
De doar stiet foar dy iepen,
omdat ik dyn wurken ken
as trouwe tsjinstfeint yn myn namme,
watsto dochst, giet net ferlern.
Lju dy’t by satan hearre,
komme ligend nei dy ta,
sy jouwe harren út foar Joaden,
moatte neat fan ’t leauwe ha.
Der komme swiere tiden
fan besikings op dy ta,
hâld altyd fêst oan myn geboaden,
dan silsto de krânse ha.
Do stiest fêst yn de timpel
as in pylder foar altyd,
do tsjinstfeint mei myn skreaune namme
krigest fan dyn trou gjin spyt.
* Foto ‘Ruïne fan in tsjerke yn Filadelfia’