Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brief fan Jehannes 7

Bibelbylden

fan ûnbekend*

De Soan fan God is kommen
om te kennen God de Heit,
Dy’t ús ivich libben jout,
sa wurdt ús Ierdsk bestean ferromme.

Mei wetter waard Er dope,
oan it krúshout siet syn bloed,
tusken beide libbe Hy
foar ús mei leafde, leauwe, hope.

Mei Kristus hat God tsjûge
fan syn leafde foar de wrâld,
elk dy’t op syn Wurd fertrout,
wurdt ta it ivich libben nûge.

* Yllustraasje ‘Doop fan Kristus’

admin

Harpijen

Mytebylden

fan Melchior Lorck*

Wês wach op de Harpijen,
meunsterlike frouwen,
Thaumas’ dochters, hearsker oer de see;
sy fleagen fier mei sterke wjukslach,
griepen ta mei skerpe klauwen.

Se wiene út op krijen:
dingen, mar ek minsken,
sielen fan ferstoarnen giene mei;
sa sloegen sy mei sterke klauslach
alles, hiene altyd winsken.

Sa frieten de Harpijen
fan de tafels iten
op; de soannen fan de Noardewyn
ferjagen har mei sterke wjukslach…
alles waard earst ûnder skiten.

* Melchior Lorck (1526/27-na 1583)
Yllustraasje ‘Harpij’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum