Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jong klassyk

Keunst

fan Jacob van Oost*

It wie him al ferteld
doe’t hy mar trije wie
en ’t potlead noch net woe
wat hy foar eagen hie:
‘It is de keunst dy’t telt.’

Se stiene bliid fersteld
dat hy it yn him hie
en linich sketse koe,
hy kriich fan master rie:
‘It is it byld dat telt.’

It byld seach ’t glimkjend oan
hoe’t hy it sprekkend die,
sa’t sy it hawwe woe,
hy foar ’t klassike gie….
fan har wie hy in soan.

* Jacob van Oost (1603-1671)
Skilderij ‘It skildersatelier’

admin

Brief oan Laodiséa

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Lit de sânde klandler wêze
foar Laodiséa’s lije folk
en de sânde stjer syn ingel,
dat folk sil dyn brief lêze:

Ik kin dyn dwaan en litten,
dyn bestean is kâld noch hjit,
wiesto mar hjit of kâld,
mar do bist lij en silst nea switte.

Do hast dysels ryk makke,
sa’sto seist, hast gjin ferlet
fan wat dan ek, do bist
lykwols yn neare earmoed sakke.

Do silst grif riker wurde
mei myn goud en witte klean
silst drage, salve smarst
op ’t bline each, doch nei myn wurden.

Doch do dyn bêst, Ik klopje
by dy oan, ast iependochst,
kom Ik by dy deryn
foar ’t miel, dy woldied sil net stopje.

* Foto ‘Wetterliedings fan Laodiséa’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum