maart 6, 2020
fan Giuseppe Maria Crespi*
As keningsdochter koe sy ’t roaie,
ek as mem fan fyftich bern
fan Agamemnon, Grykske held,
har eigen Troje gie ferlern.
Op ’t alter stoar har eigen dochter,
om’t allinnich gloarje telt,
in nederlaach wol men net sjen…
ferjilding foar in Grykske held.
Har soan, as boade mei de skatten
fan stêd Troje, waard in lyk,
dat weiwaard yn de Swarte See,
wêr wie syn heit, in wiere Gryk?
Syn mem naam wraak op beide soannen
fan de moardner fan har soan,
ûntnaam dy foarst it sinneljocht,
it bloed rûn fan de keningstroan.
Mar wraak moat ek wer wreke wurde,
’t iene is oan ’t oare bûn,
is ’t net in held, dan is ’t in bist,
de mem feroare yn in hûn.
* Giuseppe Maria Crespi (1665-1747)
Skilderij ‘Hekabe makket Polymestor blyn’
maart 4, 2020
fan Jehannes*
Dit is de twadde brief
dy’t ik oan de gemeente skriuw,
wol folle koarter as de earste;
twa wurden binne wichtich: bliuw
de wierheid trou,
de leafde jout it aldermeaste.
De wierheid wurdt ferbûgd
troch lju dy’t net foar Kristus gean,
ferlieders dy’t de wrâld ferkieze,
sy krije har fertsjinne lean:
gjin wolkom thús,
de leafde sille sy ferlieze.
* Fragmint út ’e twadde brief fan Jehannes