Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gods troanseal

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Nei de kandlers en de stjerren
seach ’k in doar dy’t iepenstie
en hearde tagelyk in stim,
dy’t my nei boppen nûge,
wat in iepenbiering wie.

Yn de himel stie in troane;
strieljend as in diamant
seach ik de Iene sûnder stim,
dêrboppe wie de bôge
mei sân kleare kleuren spand.

Twa kear tolve himelâldsten
op har troanen om de troan
fan God, sy wiene ien fan stim:
‘Oan Jo komt ta de eare,
boppedat ús gouden kroan.’

Fjouwer wêzens sieten by de
troan: in liuw, in bolle, earn
en minske, tekens fan Gods macht,
sy hiene oeral eagen,
wjukken ek om heech te gean.

Wylst sân fakkels fjurrich lôgen,
tonger dreunde nei it ljocht
dat flitste út ’e troan fan God,
klonk fjouwerstimmich ’t roppen:
‘Trije kear is ’t hillich rjocht!’

* Yllustraasje ‘Yn de troanseal fan God’

admin

Hermes

Mytebylden

fan ûnbekend*

Hermes’ berte wie in wûnder,
daliks koe de lytse poppe stean,
hy sloech in sleauwe skyldpod dea
en makke fan it skyld in liere,
foar in goadejonkje hiel bysûnder.

Fyftich kij hie Hermes stellen
fan Apollo, dy’t syn healbroer wie,
syn liere joech er foar de skea;
hy kriich werom in stêf mei slangen,
fleach mei fjouwer wjukken lykas swellen.

Hermes as heraut fan goaden
joech yn opdracht minsken goede rie,
hy fleach as gids fan gea nei gea
en mei de deaden ek nei Hades,
hie it fleanend drok as gids en boade.

Reizgers seagen him as lieder,
foar de hoeders, keaplju woed er gean
foar wol en molke, wyn en brea;
wat wie har libben sûnder Hermes?
Neat… hy wie wurdfierder en ek dieder.

* Byld ‘Hermes’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum