maart 8, 2020
fan ûnbekend*
Noch gjin hûn stjoert men de oarloch yn,
lit stean de jongste fan soldaten
dy’t fjochtsje moatte foar de macht
yn wat men neamt it heitelân,
dy wrede heit hat maklik praten.
Jong of net, djip gie ’t de boaiem yn,
de groppe om harsels te sparjen
foar kûgels, fleanend dei en nacht,
fier fan de macht yn ’t heitelân…
wêr soe de jongste ea bedarje?
Ut ’e groppe wei, de flakte op,
dêr’t kûgels om de earen fleagen,
gjinien sloech op de oare acht,
de jongste trof it, út ’e brân,
mar seach gjin hân mear foar de eagen.
Mei in hûn gie hy it libben yn,
dy’t him braaf oer de boaiem fierde:
twa-ienheid kriich it yn de macht
mei ien pear eagen oan de hân,
dy’t sparre wie foar oare tiden.
* Foto ‘Soldaat mei bline hûn’
maart 7, 2020
fan Jusepe Leonardo*
Bêste Gajus,
Myn winsk foar dy is sûnens
nei lichem en nei geast,
oer alle boegen fan ’t bestean
meisto it goede ûnderfine,
sa silst moedich fierder gean.
Fan bruorren ha ’k fernommen
datst libbest út ’e wierheid wei,
sa litst dyn ljocht klear skine
foar wurge reizgers ûnderweis
om Kristus’ boadskip oer te bringen,
do joust har gastfrij ûnderdak
en bist net as Diótrefes,
fan him krijt nimmen plak,
hiel oars as by Demétrius,
dy hâldt him oan de goede dingen.
Groetnis, Gajus, ek oan oaren,
wy prate nochris op in goede dei.
* Jusepe Leonardo (1601-1652)
Skilderij ‘Tredde brief fan Jehannes’