Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Aldman

Lyrysk Deiboek

De boegen ha it holden,
’t kreake wol sa no en dan;
om’t jier nei jier begûn te sprekken,
waard er njonkelytsen in âldman.

Hy folge net de moade,
bleau it leafste autentyk,
wat koe him minder gong ferrekke,
alle skippen wiene net gelyk.

Wat moast er mei in koade,
’t gie him om in goede feart,
de weagen ûnderweis te brekken,
oan syn registraasje hie er neat.

Wol sprekt him oan in oade
út respekt foar wa’t er is:
âldman, dy’t soms begjint te lekken,
wat net moat, it makket him ûnwis.

Krekt dêrom leit er foar de
helling, ’t giet om syn prostaat,
grif is er nei in operaasje
wer de âlde, dêrby hat er baat.

admin

Mislearre dûbelrjocht

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Al middenyn wrâldwiid in oarloch
waard djip neitocht oer in nij bestel
fan rjocht en frede
nei de ierdske hel.

De Joaden libben wrâldwiid, oeral
kaam men Sionisten striidber tsjin:
gjin rjocht gjin frede,
gjin bestean gjin sin.

De Britske Balfour seach nei ’t easten,
nei it wenplak fan it Palestynske folk:
gjin hûs gjin frede,
foar de Joaden tolk.

Doe kaam de Brit mei in ferklearring:
dûbel wurdt it Palestynske hûs,
it rjocht bringt frede,
romte by de rûs.

De eagen binne wrâldwiid rjochte
op twa folken op itselde plak:
gjin rjocht gjin frede,
gatten yn it dak.

* Foto ‘Arthur Balfour en syn ferklearring’
** Foto ‘Gaza’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum