Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Manlik ûnderwiis

Keunst

fan Frans van Mieris*

Hy hie syn hoed by mem op skurte lein,
wol hoeden mei de fearren oer har earm,
har hân lei om syn fingers hinne
nêst it boek dêr’t hy út lêzen hie,
hy woe ’t noch folle better kinne.

Mem hie har each mei niget op him slein,
har soantsje dy’t al ier wat lêze koe
en stribbe nei noch folle better;
’t stûke mei’t er yn betizing wie
troch wa… en ek in frjemde letter.

It wie gjin frjemde prater dy’t wat sein
hie mei in glimke dat it better koe,
hy soe as man har taak oernimme,
wat ferbriek wêr’t sy as mem foar gie:
tegearre nei de hichte klimme.

* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘It ûnderwizen fan in bern’

admin

Brief fan Judas 1

Bibelbylden

fan Luca Giordano*

Earst stel ik my oan jimme foar
as Judas, skriuwer fan de brief
bestimd foar elkenien dy’t leaut
yn ’t evangeelje fan ús Hear
mei as doel: bliuw yn it rjochte spoar.

Egypte seit jim grif wol wat,
de Hear hat doe syn folk befrijd,
mar letter wiene der ek lju
dy’t giene tsjin syn wet tekear,
freeslik wie úteinlik harren lot.

Jim ha ek fan de ingels heard
dy’t fallen binne fan it plak
dêr’t sy earst wennen mei wa’t leaut
dat alles komt úteinlik klear,
mar dy ingels ha gjin Hear dy’t rêdt.

* Luca Giordano (1634-1705)
Skilderij ‘De fal fan de opstannige ingels’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum