april 24, 2020
fan ûnbekend*
Berne tusken see en lân,
oer beide hat er byldzjend skreaun
yn Ilias en Odyssee…
wa is de fijân, wa de freon?
Oer himsels hat hy net skreaun,
dat diene skriuwers wol oer him,
se wiene dêrta samar ree,
want fantasearje wie net slim.
Stjerrend wier, hy wie earst slaaf
en harke nei wat master sei,
bleau altyd op itselde stee,
reewillich wie er nacht en dei.
Wrachtich wier, as dichter frij
om op te skriuwen wat er tocht
yn Ilias en Odyssee…
wa rint yn ’t tsjuster, wa yn ’t ljocht?
’t Is wiswier, hy waard doe blyn,
seach helder mei syn wize geast,
syn ja wie ja, syn nee wie nee,
hy skôge wat er dichte earst.
Stjerrend wier, hy stoar ferslein,
it luzeriedsel waard syn dea,
hy wie dêrta noch lang net ree,
mar hie gjin krêft mear yn de lea.
* Byld ‘Homerus’
april 23, 2020
fan Maksim Nikiforovitsj Vorobjov*
Hy wie al âld, mar net fersliten,
seach al iuwen op it wetter út,
dat stadich streamde tusken rotsen,
boarne foar syn toarst,
foaral yn hjitte riten.
Syn krún seach meastal út op wolken,
dy’t beskermen tsjin tefolle ljocht,
in hekel hie er ek oan twirren,
kreakjend seach er hoe’t
it wetter skomjend kolke.
Hy tanke ’t lot foar iuwen foardiel
dat it fierwei fan it neidiel wûn,
mar ’t needlot flitste seis jier letter:
bolderjend spriek út
de tonger ’t lêste oardiel.
* Maksim Nikiforovitsj Vorobjov (1787-1855)
Skilderij ‘Iik spjalte troch in bliksemflits’