maart 14, 2020
fan ûnbekend*
Net allinnich ingels falle,
mar ek lju dy’t lasterje de Hear,
sy folgje ’t minne paad fan Kaïn,
hy hat foar God net bûge wollen.
Beammen dy’t gjin fruchten jouwe,
wolken sûnder wetter foar de grûn,
sa binne lju dy’t foar it kwea gean,
har paden kin men net fertrouwe.
Wylde weagen dy’t it skom opspatte,
stjerren dwalend yn it grut hielal,
sa binne lju dy’t yn it kwea stean,
mei God en syn geboaden spotte.
Mar jim moatte op it leauwe bouwe,
bidde om de stipe fan de Geast,
ferwachtsje dat de Hear wol trou is,
dat leauwe sil jim net berouwe.
* Plakette ‘Kaïn en Abel’
maart 13, 2020
fan ûnbekend*
In frou as trije-ienheid,
sa stie sy yn in breed bestean
fan ûnderwrâld oant moanne;
as goadinne fan de hekserij
wie sy fûler as in earn.
Men seach har stean op wegen
mei trijesprongen: dy kant út,
fan ûnderwrâld oant moanne;
helpend stie sy wurge reizgers by,
mar brocht ûnheil ta beslút.
Nachts wiene hellehûnen
har blaffend selskip op ’e wei
by ’t ljocht fan nije moanne;
dan begûn sy mei har tsjoenderij,
fleach de reizgers achternei.
Byld ‘Hekate’