april 26, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Oan dizze tafel hat er sitten,
yn it Russysk ryk de heechste baas,
oerfloedich wie de drank by ’t miel
mei út ’e Wolga kaviaar,
hy wie de twadde Nikolaas.
Hy hat net fan de earmoed witten,
op ’e tafel wetter by it brea,
oars krigen bern neat troch de kiel,
breameager rûnen sy gefaar,
har foarlân wie in iere dea.
Hy moast it lân wol achterlitte
yn de gaos fan in ommekear,
in revolúsje foar it folk,
dat wol fan kontradiksjes wist,
de kommunist wie mei him klear.
Op dizze stobbe hat er sitten,
yn de earen noch in sterk geraas
fan wat er seach as ’t folk syn tolk:
de kommunist dy’t mei in list
de krún naam fan tsaar Nikolaas.
* Foto ‘Paleiskeamer’
** Foto ‘Tsaar Nikolaas II’
april 25, 2020
fan ûnbekend*
It fisioen fan Laam en rolle
mei sân segels wie der noch,
ik hearde as in tongerslach
fan ‘kom’ en sjoch…
it earste segel waard ferbrutsen:
Wyt wie ’t hynder en syn ruter
hie in bôge yn de hân,
troch ’t kweade te oerwinnen
brocht er frede yn it lân.
It twadde segel waard ferbrutsen:
Read wie ’t hynder en syn ruter
hie in grut swurd yn de hân,
de frede waard ferjage,
fjoerread lôge brân nei brân.
It tredde segel waard ferbrutsen:
Swart wie ’t hynder en syn ruter
hie de skealjes yn de hân,
hy woech it skoander iten,
honger hearske yn it lân.
It fjirde segel waard ferbrutsen:
Feal wie ’t hynder en syn ruter
hie it oansjen fan de Dea,
dy’t sloech in fjirde fan de
ierde, ’t wie in ramp as nea.
* Yllustraasje ‘Fjouwer hynders’