april 30, 2020
fan Knud Baade*
De brâning hat mei wite kloeren
it sylskip krigen yn de macht,
gjin anker krijt no noch hâldfêst
oan steile rotsen, hurd en wreed
yn oparbeidzjen mei de weagen;
ien is oerbleaun yn it roekenêst,
hy wachtet op syn lêste oere.
De rotsen ha gesichten krigen
yn waar en wyn by dei en nacht
en soargje sels foar har hâldfêst,
se stoarje nei fortún en need
mei altyd ûnoandiene eagen,
stoarm of stilte, beide binne bêst,
se kinne oer in ramp net lige.
‘Fortuna’ koe it lot net twinge,
dat weagen makken gripend jacht
op har en krigen rap hâldfêst;
de rotsen makken harren breed,
sa ha se ’t folk fan ’t dek ôfreage,
tagelyk mei lûken, gyk en mêst,
in wrak bleau oer om ’t oer te bringen.
* Knud Baade (1808-1879)
Skilderij ‘Skipbrek’
Skilderij ‘Fortuna’
april 29, 2020
fan El Greco*
Noch trije segels bleauwen oer
om te ferbrekken troch it Laam,
de fiifde segel briek Hy iepen…
wat my doe foar eagen kaam,
wie in alter mei de sielen
fan it folk dat tsjûge hie foar God
en inkeld dêrom ombrocht wie;
se rôpen lûd, alhiel oerstjoer:
‘Wannear is ’t rjochtdei om te wreken,
opdat dieders harren skuldich fiele?’
Elk krige doe it wite kleed,
fan suverens wie dat it teken,
mar de rjochtdei kaam noch net,
har bruorren rekken earst yn need
en ûndergongen ’t selde lot
yn tsjinst fan God.
* El Greco (1541-1614)
Skilderij ‘It fiifde segel’