maart 19, 2020
fan William Turner*
’t Is stil, de seilen hingje slop,
de see leit as in spegel
yn de iere nacht…
de werklikheid komt op ’e kop.
It skip leit al in oere stil
foar anker, tsjin de regel
fan de feart giet troch…
foar David wie ’t syn lêste wil.
Sir David Wilkie, dy’t ferstoar
op see, gie troch foar keunstner,
naam de styl yn acht,
dêr wie er wichtich skilder foar.
Gibraltar baait yn ’t felle ljocht,
de werklikheid fan ’t libben
giet mei gong nachts troch…
wa hat oan David Wilkie tocht?
De reek lûkt stadich nei it lân,
it fjoer glydt oer it wetter,
dat beweecht, want sjoch…
de bier stiet foar it each yn brân.
* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Frede… begraffenis op see’
maart 18, 2020
fan Jheronimus Bosch*
Wat de ingel trochjûn hat
oan my op ’t eilân Patmos,
is Kristus’ iepenbiering,
sa is ’t wierlik bard.
Lokkich dy’t dit lêst en heart,
it binne wiere wurden
as sprutsen troch profeten,
opskreaun op dit blêd.
Kristus komt de eare ta,
as earste út ’e deaden
is Hy ta libben kommen…
’t is foar ivich sa.
Alleman sil Him ris sjen
as Hy komt mei de wolken,
dat alle folken leauwe,
nimmen giet ferlern.
* Jheronimus Bosch (sirka 1450-1516)
Skilderij ‘Jehannes op Patmos’