Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Robina en Korona

Lyrysk Deiboek

De swarte flaggen joegen oan,
it is hjir jûns en nachts te rêden
mei nocht op ’t seksuele mêd,
dus hearen, wachtsje net oant moarn,
om beurten op it willebêd.

Robina makket har al op
en stiet foar dyn ferlet wiid iepen,
in op ’e twirren draaiend blêd;
se siedt dy gear yn ’t eigen sop,
by har wurdst troch dyn mieltsje sêd.

De swarte flaggen hingje slop
healstôk, te witen oan Korona,
Robina’s frjemde konkurrint;
dy dame slacht foar master op,
ferslacht sa ek de stoerste fint.

admin

De Styl

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan Paul Mondriaan**

Sjoch nei de gaos fan de kriich
en freegje nei in heger sin
as wat de wapens biede kinne
oan mei bloed trochdrinze grûn…
der is in wrâld te winnen.

Te sjen is no in nije tiid
as antwurd oan de maatskippij,
dy hat wat oars as kriich fertsjinne,
fan reële regels frij…
der is in wrâld te winnen.

Mei eagen op in oare styl
kin wiere keunst de trochslach jaan,
de slach troch oare stilen hinne,
net oan wat men sjocht mear bûn…
der is in wrâld te winnen.

Sjoch nei de styl dy’t oarder biedt,
de harmony fan streek en kleur
yn plak fan gaos om dy hinne,
’t giet fan ’t strakke swart nei fleur…
der wie in wrâld te winnen.

* Skilderij ‘Gaos’

** Paul Mondriaan (1872-1944)
Skilderij ‘Komposysje…’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum