mei 8, 2020
fan ûnbekend*
‘Romeinen, flechtsje nei de stêd
en bliuw net langer op ’e ikker,
de Etrusken stampe op ús ta!’
klonk rûnom oer it gea,
dat dreunde fan de rappe trêd.
Horatius bleau lykwols stean
op ’t plak tichtby de Tiberbrêge,
dy’t strategysk foar de fijân wie:
‘Romeinen, no of nea,
brek ôf, ik fjochtsje as in earn!’
Mei moed hold hy de fijân tsjin,
gjin spear hat wêr dan ek him troffen,
nettsjinsteande hy allinnich wie;
de brêge rekke dea,
dat Romes strjitten bleauwen skjin.
Horatius kaam swimmend oer
de Tiber, dy’t de fijân kearde:
‘Wit, Romeinen, hokker held jim ha!’
Hy kriich rûnom yn ’t gea
fan Rome ikkers en waard boer.
* Fan in ûnbekende learling
fan Giovanni Battista Tiepolo (1696-1770)
Skilderij ‘Horatius ferdigenet Rome
tsjin de Etrusken’
mei 7, 2020
fan Otto Dix*
It gie in oere hinne wer,
in tweintich stappen by de muorre lâns,
dy’t mei in reade gloede nûge:
de doar stiet iepen, gryp dyn kâns!
Har eagen stiene yn it kier
fan dea-ynein troch ’t oeren iepenstean
foar huorrerinners út ’e kroegen,
sy moast foar ’t lean der lang foar gean.
Har konkurrinte mei de strik
wie wend om ’t mei de eagen ticht te dwaan,
sy woe net foar de rinners bûge
en lizzend har mar justjes jaan.
De baas fan ’t hiele huorrespul
joech mei syn eachopslach syn saakje stjoer,
hie eigen folk en klant rap woegen,
mar foar it fleis net folle oer.
* Otto Dix (1891-1969)
Skilderij ‘Poaier mei prostituees’