maart 27, 2020
fan Peter Paul Rubens*
Hephaistos, Hera’s manke soan,
dy’t sy mei gong de see yn smiet,
wat letter haadgod Zeus ek die,
belâne op it eilân Lemnos,
it ambyld waard syn troan.
Hephaistos, god fan ’t gleone fjoer,
dat brûkber wie foar him as smid,
koe smeie wat him frege waard:
in halsbân, flitsen en ek wapens
foar goaden en gewoane boer.
Dat Aphrodite waard syn frou,
wie foar in smid in grut kontrast,
omdat er ek noch kreupel wie,
de skientme seach se yn syn wurken,
sy bleau him op ’en doer net trou…
… want Aphrodite dielde ’t bêd
mei Ares, dêr’t Hephaistos smiet
in net oer, dat net iepen woe;
de goaden ha homearysk lake,
se rekken fan ’t tafriel net sêd.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Hephaistos’
maart 26, 2020
fan Jan Asselijn*
Heech seach hy de fjilden oer,
noch yn de bloei fan ’t libben,
yn it reade kleed foar sier,
grutsk op it wite hynder,
it eachweid withoefier.
Nei de lichte kaam er del,
omdat de bek fan ’t hynder
skomme fan de toarst, it dier
moast fan de ruter drave,
wie oeren al yn ’t spier.
Tsjinstber bûgde hy djip oer
de boarne foar koel wetter,
’t wie syn taak al mannich jier;
dêr yn de dompe djipte
wist hy fan gjin fertier.
Heech seach hy by ’t hynder op
en winske ’t op ’e kletter.
* Jan Asselijn (1610-1652)
Skilderij ‘Ruter by in boarne’