maart 30, 2020
’t Is te gaoatysk foar it firus,
dat him foardocht as in blom,
dy’t harmoanysk is fan foarm,
in grut kontrast foar it gefoel:
it firus slacht deryn as bom.
De slach wie fûl, de stikken spatten
op ’e stiennen útinoar,
mar fergees sloech ’t lûd alarm,
de aksje hie gjin inkeld doel,
it wie ’t gefoel fan yn de war.
Twa wiken rûnen fol frustraasje:
gjin fertier mear mei de oar,
dan mar tajaan oan de stoarm
dy’t ûnferwachts it folk oerfoel…
it spoarde net mei binnendoar.
maart 28, 2020
fan ûnbekend*
Lit de fjirde kandler wêze
foar it folk fan Tyatira
en de fjirde stjer syn ingel,
sy moatte dyn brief lêze:
Ik ken dyn goede wurken,
ek dyn leafde foar de oar,
troch ’t leauwe bist helpfeardich,
dêr is ’t gemeentelibben foar.
Jim libje mei Izebel,
dy’t har eigen wegen giet
as falske profetesse
en dy’t as hoer har tsjinst oanbiedt.
Sy kriich de tiid foar omkear,
mar gie troch, no is sy siik,
har folk falt yn ellinde,
omdat it net mei ’t frommes briek.
Hâld fêst oan watsto krigen
hast, dan krijsto ek de macht
oer folken dysto liede
moatst as moarnsstjer nei de nacht.
* Foto ‘Ruines fan Tyatira’