april 5, 2020
It wie de snein fan skoander waar
mei yn de moarntiid al de sinne
dy’t gjin wolk as ûnderbrekker hie…
wa soe dan noch it sneinsfolk keare?
Mar dochs drige der gefaar.
It wie de snein fan bliuw mar thús,
want yn de tún skynt rynsk de sinne,
dy’t ek boppe de balkonnen stiet;
sa net, dan moatst dêrnei mar leare
de betsjutting fan ’t ynfús.
It waard de snein fan bliuw yn lyk-
wicht sûnder oer de dyk te rinnen,
op ’e planke stiest en glydst oer ’t wiet
op ôfstân, hoechst gjinien te kearen,
fan de plysje krijst gelyk.
april 4, 2020
fan ûnbekend*
Lit de twadde kandler wêze
de gemeente fan stêd Smyrna
en de twadde stjer syn ingel,
dat folk sil dyn brief lêze:
Ik wit fan dyn benearing,
ek dyn earmoed is bekend,
mar troch de geast bist ryk,
wat yngiet tsjin de wrâldske trend.
Ik wit ek fan kwealaster
fan guon lju dy’t har foar Joad
útjouwe, wat net wier
is, satan hat har by de poat.
Wês net benaud foar lijen
dat dy moarn te wachtsjen stiet,
bliuw oan it leauwe trou,
wit dat de krâns dy net ûntgiet.
* Foto ‘Foarum fan Smyrna’