april 9, 2020
fan Eugène Jansson*
De skyl derôf, it hout leit bleat,
de stam bûcht fier nei rjochts,
de tûken stekke alle kanten út…
in beam yn deade steat?
Gjin stivens heart by in gymnast,
dy swaait as toerswel troch
de loft en hellet bûgde keunsten út
yn spierlik bleate bast.
De pyl swaait yn de slinger mei,
dêr heart gjin stivens by,
syn drift giet inkeld nei de ringen út,
hy fynt dêryn syn draai.
* Eugène Jansson (1862-1915)
Skilderij ‘Gymnast oan de ringen’
april 8, 2020
fan ûnbekend*
Lit de tredde kandler wêze
Pergamums gemeentelibben
en de tredde stjer syn ingel,
dat folk sil dyn brief lêze:
Ik wit dyn tsjuster wenplak,
dêr’t satan hearsket op ’e troan
en lit geduerich fan him hearre,
mar jim leauwe yn de Soan.
Guon reitsje yn ferlieding
troch Bileäms ferdoarne lear,
hy woe de goaden offers bringe
litte… Balak dy’t ferlear.
Wa’t earen hat, moat hearre
nei wat de geast te sizzen hat:
‘De wite stien mei nij de namme,
is foar him dy’t wit fan wat.’
* Foto ‘Pergamum’