april 17, 2020
fan ûnbekend*
Hermes’ berte wie in wûnder,
daliks koe de lytse poppe stean,
hy sloech in sleauwe skyldpod dea
en makke fan it skyld in liere,
foar in goadejonkje hiel bysûnder.
Fyftich kij hie Hermes stellen
fan Apollo, dy’t syn healbroer wie,
syn liere joech er foar de skea;
hy kriich werom in stêf mei slangen,
fleach mei fjouwer wjukken lykas swellen.
Hermes as heraut fan goaden
joech yn opdracht minsken goede rie,
hy fleach as gids fan gea nei gea
en mei de deaden ek nei Hades,
hie it fleanend drok as gids en boade.
Reizgers seagen him as lieder,
foar de hoeders, keaplju woed er gean
foar wol en molke, wyn en brea;
wat wie har libben sûnder Hermes?
Neat… hy wie wurdfierder en ek dieder.
* Byld ‘Hermes’
april 16, 2020
fan Jacob van Oost*
It wie him al ferteld
doe’t hy mar trije wie
en ’t potlead noch net woe
wat hy foar eagen hie:
‘It is de keunst dy’t telt.’
Se stiene bliid fersteld
dat hy it yn him hie
en linich sketse koe,
hy kriich fan master rie:
‘It is it byld dat telt.’
It byld seach ’t glimkjend oan
hoe’t hy it sprekkend die,
sa’t sy it hawwe woe,
hy foar ’t klassike gie….
fan har wie hy in soan.
* Jacob van Oost (1603-1671)
Skilderij ‘It skildersatelier’