Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Herakles

Mytebylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

As goadesoan in wûnder
fan geweld, it hiele libben lang,
syn krêft hat him oerwinnings brocht,
hy wie net bang foar liuw of slang.

As berntsje al bysûnder:
mei twa slangen yn in fûl gefjocht,
syn hantsjes kniepen beide dea
foar’t gif himsels de dea oanbrocht.

As learling soed er sûnder
klinkend ynstrumint de wrâld trochgean;
dêrmei sloech hy syn learaar dea,
hy woe op eigen fuotten stean.

As jongeman de jager
dy’t it opnaam tsjin de wrede liuw,
dy’t hy as held de dea oandie,
geduerich wer deselde driuw.

As man en heit troch dwylsin
wrede moardner fan syn eigen bern;
yn Delphy kaam er ta himsels:
‘Do moatst dysels as tsjinner sjen.’

As tsjinner kriich er taken:
tolve kear moast hy de striid oangean,
in kwestje fan bestean of dea,
ûnstjerlikens as goadelean.

As jager nei de bisten:
liuw, de Hydra, hart, dêrnei it swyn,
de fûgels, bolle, merjes, kij,
de hûn brocht hy syn ryk wer yn.

Skjin makke hy de stâlen,                                                         
omdat Augias dat net mear die,                                                               
hy pakte ek in gurle ôf,                                                                
wist mei de gouden apels rie.                                                

Dat wiene tolve taken,
dy’t hy mei syn heldemoed folbrocht;
syn libben gie yn flammen op,
as god seach hy in strieljend ljocht.

* Byld ‘De jonge Herakles deadet in slang’                           
** Byld ‘Herakles’

admin

Nei Byrons striid

Keunst

fan Joseph Denis Odevaere*

Unôfhinklik woed er wêze,
dichter fan de romantyk
mei gefoelens foar de Griken,
strider foar dat âlde folk…
al jong wie hy in lyk.

Op ’e kiste is te lêzen
wurk fan him mei elk in krâns,
foar geweld woe hy net wike,
focht foar frijheid tsjin de Turk,
mar rekke út balâns.

Hege koarts kriich him te pakken,
’t striidfjild waard syn eigen bêd,
fjurrich seach er, sa die bliken,
nei de sege fan de Gryk:
de krânse fol mei blêd.

Ljocht fan lampe en de moanne
skampe oer de deade lea…
dichter dy’t de keunst ferrike.

* Joseph Denis Odevaere (1775-1830)
Skilderij ‘De dea fan Lord Byron’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum