Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Solo of yn tel

Lyrysk Deiboek

Allinnich giet er troch ’t bestean,
omdat er sin oan fisken hat
dy’t dreech te dielen binne,
solo stiet er skerp te sjen…
de fraach is: komt er ek tekoart?

It antwurd leit net foar de hân,
want op twa poaten kin er stean
om ’t lykwicht te bewarjen,
wjukjend lit er him ek sjen,
sosjaal… dan fljocht er justjes skean.

Sjedêr, de measten steane skean,
mar stean lykwols foar him model
as mienskip, ek op wjukken
yn formaasje, ’t is te sjen
dat dowen hâlde ’t stel yn tel.

admin

Tsaar Nikolaas II

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Oan dizze tafel hat er sitten,
yn it Russysk ryk de heechste baas,
oerfloedich wie de drank by ’t miel
mei út ’e Wolga kaviaar,
hy wie de twadde Nikolaas.

Hy hat net fan de earmoed witten,
op ’e tafel wetter by it brea,
oars krigen bern neat troch de kiel,
breameager rûnen sy gefaar,
har foarlân wie in iere dea.

Hy moast it lân wol achterlitte
yn de gaos fan in ommekear,
in revolúsje foar it folk,
dat wol fan kontradiksjes wist,
de kommunist wie mei him klear.

Op dizze stobbe hat er sitten,
yn de earen noch in sterk geraas
fan wat er seach as ’t folk syn tolk:
de kommunist dy’t mei in list
de krún naam fan tsaar Nikolaas.

* Foto ‘Paleiskeamer’
** Foto ‘Tsaar Nikolaas II’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum