Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferdûbeling fan tint

Lyrysk Deiboek

As de maitiid nei de simmer rint,
dan klimt it giel de hichte yn
en konkurrearret mei de beammen,
pronkjend mei allinnich grien,
sadat de berm oan diskant wint.

Lit it grien fan greiden rûnom sjen:
der is gjin hope op ’e bloei,
omdat de kij allinnich Ingelsk
frette, mei it Frysk is ’t dien,
dy kost hat it globaal ferlern.

As de maitiid nei de simmer rint,
dan freegje tuorrebouten oan
de wyn har siedden mei te nimmen,
hoopjend op takomstich grien
en brún, ferdûbeling fan tint.

admin

Read siket read

Lyrysk Deiboek

De baas fan ’t spul wie der net by,
sit sûnder syn ûnthâld teplak,
wit fan gjin reade arke mear…
syn simmersk ûnderdak.

Al langer as in heale iuw
joech hy de arke syn gerak,
de lêste jierren koe ’t net mear,
hy is foargoed teplak.

Syn arke sit oan ’t sleeptou fêst,
fart nei de helling foar in beurt,
mar foar de baas hoecht dat net mear,
’t is net syn each dat keurt.

Al jierren hat er dêr syn plak,
it fûgeltsje mei ljochter read,
it siket foar de lêste kear,
’t fynt op it wetter neat.
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum