mei 7, 2020
fan Otto Dix*
It gie in oere hinne wer,
in tweintich stappen by de muorre lâns,
dy’t mei in reade gloede nûge:
de doar stiet iepen, gryp dyn kâns!
Har eagen stiene yn it kier
fan dea-ynein troch ’t oeren iepenstean
foar huorrerinners út ’e kroegen,
sy moast foar ’t lean der lang foar gean.
Har konkurrinte mei de strik
wie wend om ’t mei de eagen ticht te dwaan,
sy woe net foar de rinners bûge
en lizzend har mar justjes jaan.
De baas fan ’t hiele huorrespul
joech mei syn eachopslach syn saakje stjoer,
hie eigen folk en klant rap woegen,
mar foar it fleis net folle oer.
* Otto Dix (1891-1969)
Skilderij ‘Poaier mei prostituees’
mei 6, 2020
De swarte flaggen joegen oan,
it is hjir jûns en nachts te rêden
mei nocht op ’t seksuele mêd,
dus hearen, wachtsje net oant moarn,
om beurten op it willebêd.
Robina makket har al op
en stiet foar dyn ferlet wiid iepen,
in op ’e twirren draaiend blêd;
se siedt dy gear yn ’t eigen sop,
by har wurdst troch dyn mieltsje sêd.
De swarte flaggen hingje slop
healstôk, te witen oan Korona,
Robina’s frjemde konkurrint;
dy dame slacht foar master op,
ferslacht sa ek de stoerste fint.