mei 30, 2020
fan Jacob de Wet*
Doe klonk trompetstjit sân,
noch lûder as de earste seis,
ik hearde stimmen klinken,
’t waard in muzikale reis:
It keningskip is fan
de Heit en fan syn leave Soan,
yn ivichheid de kening,
foar dy beide is de troan.
De âldsten foelen foar
de troan, de holle op ’e grûn,
en ha doe God fereare,
want oan Him is alles jûn:
Wy tankje Jo, o God,
dy’t is en wie, oan Jo de macht,
foar hjoed en moarn oannommen,
macht dy’t alle kwea ferslacht.
De tiid is kommen om
it oardiel oer it folk te jaan
dat stoarn is en wer libje
mei, Jo wolle kwea ferjaan.
Gods timpel ljochte op,
sadat de arke fan ’t ferbûn
te sjen wie yn it wjerljocht,
’t ûnwaar gie de ierde rûn.
*Jacob de Wet (jiertallen ûnbekend)
Skilderij ‘De fjouwerentweintich âldsten’
mei 29, 2020
fan ûnbekend*
It wiene trije susters,
fan god Zeus en Themis bern:
Oarder, Rjocht en Frede,
’t wie de Horen oan te sjen.
It jier hie trije sykly,
dus hie elke suster ien,
oarder moast der wêze:
tiden wiene net te lien.
Goadinnen fan it libben,
rjochtút fan begjin oant ein,
foar harsels gie ’t altyd
troch, har libben wie folslein.
Bewekkers fan de poarten
fan Olympos: oarder, rjocht,
ek foar it minskdom frede
ha de susters Horen brocht.
* Byld ‘Eunomia , goadinne fan de oarder’