Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yn de rûnte

Keunst

fan Vincent van Gogh*

It gie al oeren yn de rûnte,
beide diene sa it wurk,
de haspel en boerinne,
konsintraasje op ’e trie,
dy rûn der maklik hinne.

Fan lange trie nei rûne jirpels,
rap de smoarge skyl derôf,
sa’t kromme fingers kinne,
koaitsje neffens mem har rie,
’t gie troch de jierren hinne.

Al jierren yn deselde rûnte
yn de jûntiid nei it wurk,
de boeren en boerinnen,
wurge hannen boppe ’t miel,
mei kofje dêr oerhinne.

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Boerinne oan de haspel’
Skilderij ‘De jirpeliters’

admin

Himelsk slachfjild

Bibelbylden

fan Frans Floris I*

De himel waard it slachfjild
fan Michaël syn leger
tsjin dat fan de draak,
de âlde slang, de satan,
dy’t it minskdom yn betizing bringt;
de draak waard optild
en op ierde smiten…
Michaël naam folop wraak.

Doe klonken lûde stimmen:
‘It heil is fan God kommen,
fan de Soan de macht,
delsmiten is de satan,
dy’t it bloed fan trouwe martlers drinkt;
jim liet sil klimme,
himelheech, ferwite
sil de draak ús God de nacht.’

* Frans Floris I (1519-1570)
Skilderij ‘Fal fan de opstannige ingels’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum